Kies nei Dakar-rally

28 des 2004 - 09:40

De 52-jierrige Anne Kies út Appelskea docht foar de njoggende kear mei oan de Dakar-rally. Op dit stuit is it Hutten Rallyteam, dêr't Kies foar rydt, dwaande mei de lêste tariedings.

Kies rydt mei yn de wedstriid foar frachtweinen en is dêrneist ek begeliedend technikus foar de auto's. Tiisdei giet er nei Barcelona, dêr't er op 31 desimber syn earste rally ride sil. Op 16 jannewaris is de lêste wedstriid yn Dakar.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)