Doarpshuzen net arbo-bestindich
Hast de helte fan de Fryske doarpshuzen foldocht net oan de Arbo-easken. Dat docht bliken út in ûndersyk fan Sport Fryslân yn opdracht fan de stifting Doarpshuzen Fryslân, de SDF.
In soad doarpshuzen meie sels in ferplichte risiko-ynventarisaasje meitsje. Se dogge dat faak net, om't der te folle regels binne dêr't se oan foldwaan moatte. Dêrtroch kinne de doarpshuzen tsjin in boete oanrinne fan de arbeidsynspeksje.
Trefwurden:
argyf