Grutte kettingbotsing op A7

© Omrop Fryslân
By it ferkearsplein op 'e Jouwer is in gaos ûntstien nei't 37 auto's belutsen wiene by in kettingbotsing. It ferkear wie ferrast troch ynienen opkommende mist en glêdens. Seis minsken rekken lichtferwûne by de botsings.
Takelweinen en de brânwacht binne ynset om it ferkearsplein wer frij te meitsjen. De plysje warskôget foar noch mear gefaarlike situaasjes troch mist en glêde diken. Ek de A7 nei Snits wie ôfset.