Mear dieverij by ambulânses

27 des 2004 - 17:47

Ambulânses binne hieltiten faker it doelwyt fan stellerij. Dieven binne benammen sljocht op alarmferljochting, mar in mobile tillefoan litte se ek net lizze. De helpferliening driget dêrtroch yn gefaar te kommen.

It ambulânsepersoaniel hat noch foarkomme kinnen dat in pasjint de dupe waard. Wol docht ambulânsegroep Kijlstra ûndersyk nei in nij alarmsysteem dat de dieverij foarkomme moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)