Lûdskanon mei net mear
It lûdskanon moat ferfongen wurde troch in âlderwetske fûgelferskrikker. Dat is wat boer Renze Bruinsma fan Langsweagen te hearren krigen hat fan de gemeente Opsterlân.
Bruinsma brûkte in lûdskanon om de guozzen fan syn lân ôf te jeien. Mar neffens de gemeente jout it kanon te folle lûd en binne der wol oare metoaden om de fûgels fuort te jeien.