Plysje siket tsjûgen

© Omrop Fryslân
De plysje siket minsken dy't mear witte oer in berôving mei geweld, ferline wike moandei yn Drachten. In Drachtster waard doe op de Houtleane yninoar slein troch twa manlju, dy't syn jild hawwe woene.
De man rekke swier ferwûne en is opnaam yn it sikehûs. De plysje hat yntusken ien fertochte fan de mishanneling oanhâlden. Ut it ûndersyk is nei foaren kaam dat noch in twadde man by de berôving belutsen wie.