Broekens wurdt keninklik

27 des 2004 - 17:41
Foto: Omrop Fryslân

In bysûndere dei wie it moandei foar Broekens yn Stiens. Dat bedriuw yn lânboumeganisaasje krige út hannen fan boargemaster Ter Keurs it predikaat hôfleveransier. It is foar safier bekend it earste lânboubedriuw yn Nederlân dat dit krijt.

Broekens waard 150 jier lyn oprjochte yn Eanjum as in ienmans-smidterij. De direkteur is de fyfde generaasje dy't it bedriuw draaiende hâldt.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)