Fernielings op It Amelân

27 des 2004 - 17:41

Yn Nes op It Amelân binne dit wykein in grut tal fernielings oanrjochte. In groep jongeren is dêr mooglik ferantwurdlik foar.

Lampepeallen en fûgelhúskes waarden fernield, jiske-amers en blombakken omgoaid en ek waard in fyts yn de boskjes soald. De groep jongeren komt nei alle gedachten út Hollum. De plysje hat alve nammen opskreaun. De jongeren binne jonger as 18 jier.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)