Diken De Jouwer wer frijjûn

© Omrop Fryslân
De grutte diken yn 'e omkriten fan De Jouwer binne wer frijjûn. Op Twadde Krystdei wie by ferkearsplein De Jouwer in grutte kettingbotsing. De ûngelokken ûntstiene troch ynienen opkommende mist en glêdens.
37 Auto's botsten opinoar en seis minsken rekken ferwûne. Se binne mei nekke- en rêchklachten oerbrocht nei sikehûzen en Snits en It Hearrenfean. Achttjin plysjes en fjirtich oare helptsjinstminsken kamen yn aksje.