Ekstra tafersjoch Vlechtwerk

© Omrop Fryslân
It Vlechtwerk yn Noardwâlde wurdt yn 'e krystfakânsje ekstra yn 'e gaten hâlden. De ôfrûne wiken binne dêr ruten ynsmiten, boarterstastellen en ferljochting fernield. Plysje en de gemeente Weststellingwerf hawwe in tal jongeren op 'e kuer, mar wolle se op 'e die trappearje.
Reden foar de fernieling soe ferfeling wêze. Yn jannewaris sil de gemeente mei de jongeren prate oer aktiviteiten om dat tsjin te gean.