Oppakt foar autostellerij

© Omrop Fryslân
Twa ynwenners fan Kollumersweach binne dit wykein oppakt yn it Grinslanner Aduard foar it stellen fan in auto. Se foelen op trochdat harren auto oer de dyk slingere. De bestjoerder (26) hie tefolle drank op.
By de achterfolging troch de plysje kaam de auto tsjin in peal ta stilstân. In 20-jierrige ynsittende rekke dêrby ferwûne, besocht noch te ûntkommen, mar dat slagge net. Beide manlju binne oerbrocht nei it plysjeburo.