Sûnder ID-pas it nije jier yn

© Omrop Fryslân
In soad jongeren hawwe noch gjin identiteitsbewiis. Se gean it nije jier yn sûnder it ferplichte papierke en riskearje dêrmei in boete. De gemeenten ferwachtsje dat der yn 'e lêste wike fan it jier noch in soad oanfragen komme foar ID-paskes.
Fan 1 jannewaris ôf moat elk fan 14 jier en âlder him of har identifisearje kinne. Fersoargingshûs De Hofwyk yn Ljouwert liet sels in fotograaf komme om paspoartleazen op te foto te setten.