Drokte by supermerken

25 des 2004 - 14:55

De drokste winkeldei fan it jier soe it wurde, de freed foar de krystdagen. En yndie, it wie freed tige drok. Benammen by de grutte supermerken, de lytsere buertsupers hienen it in stik rêstiger. Guon supermerken wiene al om sân oere iepen.

It liket der op dat der dit jier wat minder jild mei de kryst útjûn wurdt. En fansels fiere de measte minsken kryst noch altiten mei de famylje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)