Yllegale mêst tsjinholden

© Omrop Fryslân
Weststellingwerf hat op it lêste momint de bou fan in yllegale stjoermêst by Wolvegea foarkommen. Oplettende bewenners fan de Pieter Stuyvesantwei seagen dizze wike in grutte kraan en in wein mei in fyftich meter hege mêst fan T-mobile oan de dyk stean.
Ut neifraach die bliken dat der hielendal gjin fergunning oanfrege wie. Neffens T-Mobile is de mêst nedich om de dekkingsproblemen foar mobile tillefoans yn Wolvegea op te lossen.