Gjin voice-mail by amtners

24 des 2004 - 15:09
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Ljouwert hat de voice-mails en antwurdapparaten fan amtners útskeakele. Sa wol de gemeente de tillefoanyske berikberens fan de amtners ferbetterje.

Ut ûnderyk hat bliken dien dat amtners faak net reagearje op ynsprutsen berjochten. De gemeente fynt dat dit oars moat. Tenei wurdt elkenien dy't bellet trochferbûn mei in sekretariaatsmeiwurker.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)