Tsjerke Harns folslein útbaarnd

24 des 2004 - 14:54

De frijmakke gereformearde tsjerke oan de Noardeastersingel yn Harns is tongersdeitejûn folslein útbaarnd. De brân ûntstie flak nei seis oere jûns. Nei alle gedachten is it fjoer ûntstien troch wurksumheden oan it dak.

De brânwachtkorpsen fan Harns en Frjentsjer blusten de brân. De bewenners fan it neistlizzende hûs foar âlderen waarden tydlik út har wenten helle. Ien bewenner krige problemen mei de reek en is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)