Fisk yn Bilt weromsetten

24 des 2004 - 14:36

Snoek, snoekbears en karper dy't kommend jier yn It Bilt fongen wurdt, moat werom set wurde. De fisk mei net meinommen wurde.

Dat hat angelsportferiening De Deinende Dobber yn oerlis mei de federaasje fan Fryske sportfiskers bepaald. De fangsten wienen it ôfrûne jier sa min, dat de feriening de saak ûndersykje wol. Yn 2006 wurdt besjoen oft der in ferbod bliuwt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)