Wynturbines by Bûtenpost

© Omrop Fryslân
Yn Achtkarspelen is ien lokaasje geskikt foar wynturbines. Dat is de konklúzje fan it kolleezje fan B & W. It geskikte plak is oan de eastkant fan Bûtenpost.
Tusken de krusingen mei de Trekwei en Sarabosk soe plak wêze foar heechstens acht turbines. Dy meie dan 45 meter heech wêze. Mei it oanwizen fan in plak foar wynturbines spilet B en W yn op it provinsjaal belied om allinnichsteande turbines te ferfangen troch groepen.