Gjin Ljouwerter jild foar Snits

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert is net fan doel om jild te stekken yn it nije swalkers- buske fan de gemeente Snits. Ek moat de gemeente Snits sels betelje as se in dakleazeopfang yn har plak ha wolle. Dat fynt wethâlder Van Mourik fan Ljouwert.
It buske bringt Snitser dakleazen nei de Ljouwerter needopfang, en bringt se de oare deis wer werom. Ljouwert krijt ryksjild foar de opfang foar de hiele provinsje.