Hearrenfean lûkt Derveld oan

© Omrop Fryslân
Sportclub Hearrenfean hat mei yngong fan it seizoen 2005/2006 Fernando Derveld oanlutsen. De 28-jierrige ferdigener tekenet by Hearrenfean in kontrakt foar twa jier mei in opsje op nochris twa. Hy stie de lêste fjouwer jier under kontrakt by it Deenske Odense BK.
Derveld spile earder by PSV, Willem II, Haarlem en Norwich City. Neist Hearrenfean hiene ek FC Twinte en it Dútse HSV belangstelling foar Derveld.