'Gruttere fraach nei skûtels'

© Omrop Fryslân
Arob Antennebou út Sigerswâld ferwachtet in grutte taname fan de ferkeap fan it tal skûtels. No't de útstjoerrjochten fan it earedivyzje- fuotbal oernommen binne troch John de Mol, binne de gearfettings fan de wedstriden allinne op de stjoerder Nickelodeon te sjen. Minsken dy't gjin kabel hawwe moatte it fuotbal misse.
De ferkeap fan skûtels naam al ta doe't de útwedstriden fan it Nederlânsk alvetal allinne op Nickelodeon wiene.