Harkersaksje: toch kryst by heit

23 des 2004 - 15:43

It liket derop dat Jan en Johannes Kalsbeek de krystdagen wol by harren heit yn Drachten trochbringe kinne. De twa ferstanlik handikapte broers sitte yn in ynstelling, mar koene mei de krystdagen net nei harren heit. Want dy sit yn it tsjuster om't de NUON de elektrisiteit ôfsluten hat.

Heit hie in rekken iepenstean fan 1844 euro. Nei omtinken dêrfoar op Omrop Fryslân radio, hawwe twa harkers har melden dy't dat jild wol betelje wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)