C2000 yn gebrûk nommen

23 des 2004 - 12:40
Foto: Omrop Fryslân

De plysje Fryslân giet tongersdei folslein oer op C2000. Dat is it nije digitale kommunikaasjesysteem foar de plysje, ambulanses en de brânwacht. De ôfrûne wiken wiene it âlde mobilofoon-netwurk fan de plysje en C2000 al oan elkoar keppele. Yntusken ha alle plysje-auto's en motoren de nije apparatuer krigen en binne ek de nije portofoons yn gebrûk nommen.

De gesprekken fan de helptsjinsten kinne no net mear ôflústere wurde.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)