Fallyt Flexdent ferkocht

© Omrop Fryslân
De fallite toskedokterspraktyk Flexdent yn Ljouwert is ferkocht. Neffens de kurator hat de ferkeap 250.000 euro opsmiten. De praktyk mei 7 festigingen is ferkocht oan trije partijen.
Flexdent gie yn desimber fallyt om't it de flugge groei en de oanrinkosten net oankoe. De praktyk krige bekendheid troch it oanstellen fan Súd-Afrikaanse toskedokters. De skuld fan it bedriuw is twa miljoen euro.