Ed Nijpels formateur Waadakademy
Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels is beneamd ta formateur fan de Waadakademy. In pear wike lyn hat it kabinet grien ljocht jûn foar dizze nije akademy foar kennis en ûndersyk fan it Waadgebiet.
Ferskate universiteiten ûndersykje al saken as grûndelgong en skea troch fiskerij en gasboarrings. De ferskate ûndersiken binne lykwols net op inoar ôfstimd. Mei de komst fan de Waadakademy moat der mear ienheid komme.
Trefwurden:
argyf