Dûnsfeesten yn Thialf meie

© Omrop Fryslân
Thialf mei ek de kommende twa jier grutte dance-party's organiseare. Dat hat de Raad van State bepaald. De feesten soargje net foar tefolle lûdsoerlêst. Bewenners om it iisstadion hinne wolle dat Thialf ophâldt mei de feesten.
Direkteur Nieweg wie benaud dat mei it ferbieden Thialf in soad ynkomsten misrinne soe. Mear as de helte fan de twa ton winst komt út de feesten dy't twa kear yn it jier hâlden wurde.