Rotonde falt djoerder út

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert hat 155.000 euro ekstra beskikber steld foar de oanlis fan in rotonde op de Westerplantage, by de Vrouwenpoartsbrêge. It ûntwerp foar de minirotonde foel djoerder út om't der keazen is foar in part mei gekleurd asfalt en in part mei klinkers.
De minirotonde komt der om't in part fan de binnenstêd autoluw wurdt. De trochgeande rûte komt dan bûten de greften te lizzen. De oare ôfslach giet nei de parkeargaraazje by de Aldehou.