Priis foar René Mayer

22 des 2004 - 21:24

René Mayer fan Terwispel hat de priis krigen foar de kliïntefertsjinwurdiger fan it jier by de organisaasje Noarderbrêge. Dy organisaasje biedt stipe foar minsken mei in handikap.

René Mayer is foarsitter fan de kliïnteried en dêrmei fertsjintwurdiger fan de kliïnten. De priis waard woansdei yn Drachten útrikt troch direkteur Jasper Boele fan de lanlike oerkoepelende organisaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)