Reaksje op moasje Atsma oer Waad

© Omrop Fryslân
It kabinet wol foarearst net meibetelje oan de 800 miljoen euro foar it Waadfûns. Dat jild is in kompinsaasje foar it Noarden foar it boarjen nei gas yn de Waadsee. It kabinet wol net fierder gean as 500 miljoen euro.
Op de keamermoasje fan CDA-er Joop Atsma hat it kabinet twaslachtich reagearre. Op termyn wol it kabinet wol neigean oft dy 800 mijoen euro needsaaklik is. Mar foarearst hâldt it kabinet fêst oan 500 miljoen euro.