Gjin feiligensrisiko's by Orion

22 des 2004 - 21:08

It risiko op brân by ôffalferwurkingsbedriuw Orion yn Drachten is net grut. Ek de kâns dat der dioksine frij komt by de ferwurking fan pcb-hâldende ôffaloalje, is lyts. Dat is de konklúzje fan in ûndersyksburo dat de risiko's by Orion ûndersocht hat. Dat barde út namme fan de provinsje en it ministearje fan VROM.

Orion sit njonken ôffalferwurker Van Ganzewinkel, de eardere ATF. Dêr hat yn 2000 brân west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)