Heger berop yn saak drankrider

© Omrop Fryslân
It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert sil yn heger berop tsjin de frijspraak fan in 37-jierrige man út Ljouwert. De man ried mei te folle drank op op syn brommer.
Tiisdei spruts de rjochtbank de man frij om't in maresjaussee sawol de blaastest as it fierdere ûndersyk yn de saak dien hie. Soks mei allinnich yn hiele bysûndere gefallen. Neffens it Iepenbier Ministearje wie dat yn dit gefal sa.