Gruttere kâns skûtels by Boerum

22 des 2004 - 17:06

De kâns dat by Boerum in ôflústerpost fan definsje komt, is grutter wurden. De Raad van State hat útwreiding fan de post yn Zoutkamp ôfwiisd. Doel wie mear skûtels yn Zoutkamp te pleatsen om telefoantsjes ôfharkje te kinnen.

Ynwenners fan Zoutkamp tekenen beswier oan. Se binne benaud foar aksjes fan terroristen. Definsje hat earder al oanjûn Boerum as ferfangende lokaasje te sjen. Kollumerlân hat gjin beswier tsjin de komst fan de ekstra skûtels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)