Kontrôle by miljeustrjitte Snits

© Omrop Fryslân
Snits kontrolearret takom jier stranger by de yngong fan de miljeustrjitte. Dat is nedich om't tefolle ynwenners fan oare gemeenten har ôffal yn Snits bringe. Ien op de tsien minsken komt net út de gemeente.
De miljeustrjitte ferhuzet ein dit jier fan de Alde Toppenhuzerwei nei de Wetterskipsdyk ta. Fan 1 april ôf krije Snitsers in tagongspas. Dêrmei kinne se tolve kear yn 't jier ôffal nei de miljeustrjitte ta bringe.