Pijper bliuwt by Monarchs
Speedwayer Theo Pijper hat in nij kontrakt tekene by de Edinburgh Monarchs. De 24-jierrige koereur út Rinsumageast rydt al trije jier by de Skotske klub.
Eigner Johan Campbell is dêr sa tefreden oer dat er de Fries in nij en ferbettere kontrakt oanbean hat. Pijper wurdt yn it nije seizoen ien fan de kopmannen fan de ploech.