Reboelje by Alde Fryske Tsjerken

22 des 2004 - 12:19

Wilfried de Pree is opstapt as foarsitter fan de stifting Alde Fryske Tsjerken. Der is al in skoft ûnrêst by de stichting. Der soe gjin jild wêze om in direkteur oan te stellen dy't it wurk goed oppakt. Ek is der in soad krityk op meiwurker Ulbe Zwaga dy't siik thús sit.

It bestjoer soe de stifting no fallyt ferklearje wolle, wylst de provinsje krekt dit jier tasein hat om de stichting noch oant 2008 ta te stypjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)