Spul oer gemeentehûs Skier

© Omrop Fryslân
It opgean fan it gemeentehûs en plysjeburo fan Skiermûntseach yn ien gebou stiet faai. De plysje soe beswier ha tsjin it beteljen fan ekstra feilichheidsmaatregels en boukundige beperkings dy't soks freegje. De gemeente giet mei in oare arsjitekt fierder.
It plan fan gearfoeging is noch net definityf ôfkard. De plysje en de gemeente ha noch gjin idee hoefolle jild dit de mienskip kostje sil.