De Hemmen yn Snits wurdt grutter

© Omrop Fryslân
Snits tinkt de kommende jierren jierliks sa'n sân hektare grûn út te jaan oan nije bedriuwen op De Hemmen. De gemeente hat tiisdei besletten njoggen miljoen euro beskikber te stellen foar de útwreiding fan it yndustryterrein. De A7 rint yn it nije plan troch it bedriuwepark hinne.
Metalfinish Groep mei 90 wurknimmers komt nei Snits. It bedriuw makket stielprodukten foar de jachtwerven en konstruksjebou.