Flylân en Skier nachts tsjuster
Flylân en Skiermûntseach binne de meast tsjustere gemeenten fan Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Stichting Natuur en Milieu. Se fiere aksje tsjin ljochtfersmoarging yn de nacht fan bygelyks kassen, stêden en ferkear.
Al it ljocht soe min wêze foar minsk, bist en plant. It fersteurt it natuerlike biologyske ritme fan dei en nacht. It Westlân mei alle túnboukassen is it ljochtste part fan it lân.
Trefwurden:
argyf