Hearrenfean fyfde yn 2004
Hearrenfean hat it kalinderjier 2004 yn de earedivyzje sechtich punten byelkoar spile. De Feansters besette dêrmei it fyfde plak en moatte allinnich de tradisjonele top-trije Ajax, PSV en Feijenoord, en AZ foargean litte. Voetbal International hat de ranglist opsteld.
Hearrenfean wûn 17 fan de 35 duels, spile 9 kear gelyk en ferlear 9 kear. Op dit stuit, mei de winterstop, stiet It Fean seisde yn de kompetysje.
Trefwurden:
argyf