Flinke brânskea hûs Blije

22 des 2004 - 10:29
Foto: Omrop Fryslân

By in útslaande brân is tiisdei de hiele boppeferdjipping fan in hûs oan 'e Seedyk yn Blije ôfbaarnd. Op it momint dat de brân útbruts wie ien fan de bewenners thús, mar dy rekke net ferwûne.

In tweintich brânwachtminsken fan de korpsen Ferwert en Hallum waarden ynset om it fjoer te bestriden. Buorlju ha ferskate beesten by it hûs weihelle, lykas in hûn mei jongen. De brân is mooglik ûntstien yn de skoarstien.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)