Mear swalkjongeren yn Fryslân

22 des 2004 - 10:29

It tal swalkjongeren yn Fryslân nimt ta. Dat docht bliken út ûndersyk fan de rekkenkeamer. Der is benammen sjoen nei it tal swalkjongeren yn Ljouwert dêr't de problematyk it grutst is.

Yn Ljouwert hiene ferline jier sa'n 150 jongeren gjin eigen dak boppe de holle. Dit jier binne dat hast 200. It is net sa dat de jongeren op strjitte swalkje. De measten fine plak by freonen of opfangsintra, lykas de Terp. Dit jier waard ek it Huis voor Jongeren iepene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)