33 kandidaten foar Boarnsterhim

© Omrop Fryslân
De komst fan de keazen boargemaster hat gjin ynfloed op it tal sollisitanten foar de fakatuere Boarnsterhim. Nijpels krige 33 sollisitaasjes binnen, 25 manlju en acht froulju.
By de 33 sollisitanten sitte 6 CDA'ers, 5 GrienLinksers, 4 PvdA'ers, 4 VVD'ers, 3 D66'ers en 1 FNP'er. Fan tsien is it lidmaatskip ûnbekend. Nijpels makket ynkoarten in seleksje fan 6 à 8 persoanen en leit dy foar oan de fertrouwenskommisje fan de gemeente.