Ried Ljouwert op ynternet
De riedsgearkomsten fan de gemeente Ljouwert binne fan febrewaris ôf te folgjen fia ynternet. De ried kaam moandei foar it lêst byelkoar yn de Steateseal fan it Provinsjehûs.
Takom jier wurde de gearkomsten holden yn de nije riedsseal. De âlde hie te min romte foar it publyk. Yn de nije seal binne alle moderne fasiliteiten oanwêzich wêrûnder in kamerasysteem. Dêrtroch sille de gearkomsten live te folgjen wêze op ynternet.
Trefwurden:
argyf