Oanlis fytspaad Langwar begûn

21 des 2004 - 16:00

By it bedriuweterrein Doumastate yn Langwar is tiisdei mei de oanlis fan in fytspaad út ein set. Sa kin der aanst fan de Pontdyk nei it Lytse Dykje yn de rjochting fan Diken fytst wurde.

Omwenners hiene earder beswier makke tsjin de oanlis fan it fytspaad. De rjochtbank hat it beswier lykwols ôfwiisd. Yn it fytspaad wurdt ek in brêge boud. Tusken it fytspaad en it bedriuweterrein wurdt strewelleguod plante.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)