Gemeente freget help ynwenners

21 des 2004 - 13:23

Smellingerlân ropt de help yn fan syn ynwenners om de kommende jierwiksel goed ferrinne te litten. As der bygelyks grutte brânsteapels op de dyk lizze, wurdt ynwenners frege dat te melden by de gemeente.

Wa't fandalisme sjocht, moat de plysje dêrfan op 'e hichte stelle. Dat jildt ek foar minsken dy't sjogge dat autowrakken of -bannen fersleept wurde. De gemeente hopet sa dat de jierwiksel sûnder in soad oerlêst fierd wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)