Ljouwert wol brêge ferpleatse

21 des 2004 - 12:28

De gemeente Ljouwert sil ynkoarten de brêge oer de Wielhals yn it Griene Stjer-gebiet fuorthelje. De brêge leit der al hast 20 jier mar is nea brûkt. De ferbining oer de Wielhals wie ûnderdiel fan it fytspaad fan de Trynwâlden binnentroch nei Ljouwert.

Nei ferset fan de aksjegroep Wielewerkgroep waard fan de plannen foar it fytspaad ôfsjoen. De provinsje wol de brêge no brûke as ferbining oer it Alddiel by Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)