Werk State yn Hearrenfean iepen

20 des 2004 - 16:58

It gebou Werk State op It Hearrenfean is moandei yn gebrûk naam. De earste meiwurkers komme fan de gemeente: 45 manlju en froulju fan de eardere sosjale tsjinst hawwe har yntrek naam yn it nije gebou. Yn jannwewaris ferhuzet ek it sintrum foar Wurk en Ynkommen (CWI) nei Werk State.

Fierder is der plak foar útstjoerburo's en reyntegraasjebedriuwen. Werk State betsjinnet alle minsken dy't wurk sykje of in útkearing oanfreegje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)