Skier te set oer stikje Grinslân

20 des 2004 - 16:47

De gemeenteried fan Skiermûntseach sil tiisdei te set oer in foarstel fan it kolleezje om de Grinzer gemeente Eemsmond 23.000 euro te jaan. Dat bedrach moat it stikje eilân kostje dat troch sânôfsetting yn de Grinzer gemeente kommen is te lizzen.

Yn de riedsgearkomste moat bliken dwaan oft de ried akkoart giet mei de keap fan it stikke Grinslân. Earder wegere de ried. Mei de keap moat dúdlik wurde wa't ferantwurdlik is foar it stikje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)