Yn Stiens 84 auto's skansearre

© Omrop Fryslân
Yn it sintrum fan Stiens is yn de nacht fan freed op sneon oan mei-elkoar 84 auto's skea tabrocht. Under oaren binne spegels fan auto's ôftrape en auto's skansearre. De plysje tinkt dat trije jonges mooglik ferantwurdlik binne foar de fernielings.
It trijetal fytste yn de nacht fan freed op sneon mei in soad leven troch de strjitten yn Stiens. De plysje siket tsjûgen. Hoe grut de skea fan de fernielings krekt is, is net bekend.