Sven Kramer wint NK allround

20 des 2004 - 14:31

Sven Kramer (18) fan Aldskoat is snein yn Thialf Nederlânsk kampioen reedriden by de allrounders wurden. Foar Kramer wie it syn earste titel. Syn puntetotaal fan 151,835 is in junioarerekord.

Hy bleau mei oertsjûging de oare dielnimmers foar. Ek Carl Verheijen, Mark Tuitert en Jochem Uytdehaage pleatsten har foar it EK allround. Bob de Jong wûn de 10 kilometer yn 13.17,94. Kramer waard twad yn 13.20,79.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)